...altyd nijsgjirrich!

Ein fan de Fryske wiken, op nei it taalplan A yn 2030!

De mienskiplike skoallen fan Fierkracht yn de Trynwâlden hawwe de fjouwer Fryske wiken ôfsletten mei in optreden foar âlden, pakes en beppes en oare fersoargers.

Tongersdei waard troch de groepen yn Thrimwalda (Gytsjerk) songen ûnder entûsjaste oanfiering fan de juffen. Sa hie men reade en giele stokjes en kaam de Nije Dei fan de Kast oan bar. Ek koenen de âlden de klassen besjen dêr’t fansels alles yn it teken fan it Frysk stie.
Freed waard der in optreden troch de bern fan de Opstap (Oentsjerk) fersoarge oer de sage fan Tryntsje muoi. De sân soannen krigen allegearre in hoeke lân en dêr bouden se in pleats op. Mar dat wie net genôch, der moaste ek huzen en in tsjerke komme. De plaknammen waarden neamd nei de namme fan de soan. Sa waard bgls. Alde Aldtsjerk en Oene Oentsjerk. Neffens âld gebrûk waarden de kij mei hantsjeklap ferkocht en betelle mei goudstikken. It foel tige yn de smaak fan it rom opkame publyk.

It úteinlike doel is dat men it taalplan yn 2030 op nivo A hat.
De earste foto’s binne fan de Thrimwalda en de twadde helte fan de Opstap. As men op tablet of kompjûter op ûndersteande foto klikt krijt men in fergrutting en kin it eigen tempo bepaald wurde.