...altyd nijsgjirrich!

Arie van de Polder earelid fan Iisklub Aldtsjerk

Nei 3 jier koe de ledegearkomste fan Iisklub Aldtsjerk einlings werris trochgean. Twa kear earder lutsen de coronamaatregels dêr in streep troch. Op de fergadering yn Café Moarkswâl is Arie van de Polder (72) útswaaid as bestjoerslid. Hy hie 29 jier lang de funksje fan ponghâlder.

Doe’t Jappie Visser yn 1993 dy taak dellei, waard der fuort tocht oan Van de Polder dy’t as bankmeiwurker dat putsje wol treast wêze soe. Yn syn dankwurd spruts foarsitter Jan Oostenbrug oer de grutte ynset en de krektens wêrmei’t de skiedende penningmaster altyd te wurk gie. Reden genôch om Van de Polder foar te dragen as earelid fan de iisklub. Ien en oar waard ûnderstreke mei it oanbieden fan it boek oer túnarsjiekt Lucas Pieters Roodbaard en in fraaie plant foar syn sydsulver Gryt. Dat allegear ûnder applaus fan de oanwêzigen.
Nei it offisjele part koene de leden wer klaverjasse of har keunsten fertoane mei de biljartkeu.

0 van 0