...altyd nijsgjirrich!

In ‘pôle’ wurk op de Aldtsjerkster Mar

Woansdei is besocht de grutte driuwpôle út de Aldtsjerkster Mar te lûken.

It ding is dêr in skoft lyn mei in hegere wetterstân hinne dreaun en leit muorrefêst. Nettsjinsteande de ynset fan spesjale boaten fan Bijlsma woe it losheljen net slagje. No mar wachtsje op heger wetter. Dan slagget it fêst wol, sa is de ferwachting. En mocht it net slagje dan kin de tinte mei poeiermolke der altyd noch op stean…