Graach nûget de Fryske Krite jimme út foar in sprankeljende teatermiddei!
Yentel van Rijt, entûsiast studint NHL-Stenden fjirde-jiers oplieding dosint teater, regissearret
fiif famkes
fan de basisskoallen yn Oentsjerk en Aldtsjerk yn in ynteraktive toanielfoarstelling oer
Dy Fryske taal – fan ús?
Lit jo útdaagje troch de jongerein: wat fynt dy fan in feriening foar ‘allinne mar Frysk’? De foarstelling fynt plak op snein 26 maart 2023 om 14.30 oere yn De Trochreed te Readtsjerk.
Gasten bysûnder wolkom!!
(Opjaan needsaaklik…)
Mear ynfo yn ûndersteande PDF
Ynfo oer dizze teatermiddei