14.30 oere Mûnein/Readtsjerk

Adri de Boer, trûbadoer út Lippenhuzen. Bekend as winner fan it Sjongfestival Liet yn 2021 mei it liet Bliuw mar by my. Yn de Ljouwerter krante fan tiisdei 28 maart stie al in grut artikel oer him: Stef Bos yn it Frysk. Adri hie alris in ferske fan Bos oersetten en songen, en dêr komt dan noch mear fan yn syn nije programma.

Op dizze middei lit hy ús lietsjes út syn album Geandewei hearre. Lit jim ferrasse wêr’t er mei komt,

Adri de Boer is absolút de muoite wurdich!

Tagong: € 15,- p.p. ynkl. kofje/tee, wat lekkers en in hapke!

Opjaan kin o/m freed 21 april û.o. fia: krite.trynwalden@gmail.com

Hjirûnder de PDF mei ynformaasje en jou jim op!

Poster mei gegevens.