...altyd nijsgjirrich!

Keningsdei (2)

De middeis wie der in grutte fliemerke. De bern hienen allerhanne waar útstald, mar de memmen dienen meastentiids de hannel....

It wie in drokte fan belang. Rigen parkeare auto’s op de van Haersmasingel, boeken op ‘e hage, kleden op ‘e grûn, sliepende hûnen tusken de boeken en moai ferklaaide bern. Yn Heemstra State wie ek ferdivedaasje. Men koe der alles fine oer it histoarysk Trynwâlden mar ek knutselje en meidwaan oan in bernedisko mei DJ Romke!
Letter op ‘e middei kaam boargemaster Gebben del en hy luts de prizen fan de ferlotting. Hiel wat minsken krigen in priis, romhertich beskikber steld troch de Trynwâldster middenstân. Fansels moast de boargemaster ek noch efkes op ‘e foto mei de brânwachtman en de âlde brânwachtauto.
De prachtige en goed organisearre Keningsdei waard ôfsletten mei muzyk troch Roel en Marty. Hooplik hat it aardich wat opsmiten foar it goede doel.

Klik op tablet of kompjûter foar in fergrutting en it bepalen fan jo eigen tempo op ûndersteande foto.