Doe’t de fotograaf de foto fan de Fryske flagge op ‘e toer fan sneon ris goed beseach foel him op dat de hoanne en it hintsje der sa moai op stienen.
In hoanne op de toer én in hintsje op it koardak komt net sa folle foar yn Nederlân. It tal tsjerken yn Nederlân mei beide, in hoanne en in hin, sil miskien ûnder de tritich bliuwe! Dêr heart de Mariatsjerke út Oentsjerk dus ek by.
Op in soad tsjerketuorren yn Nederlân binne lytse wynhoannen te finen. Men kin troch nei de hoanne te sjen de wynrjochting ôflêze. Mar dat is fansels noch gjin ferklearring foar it feit dat men in izeren hoanne op de tsjerketuorren set hat en net bygelyks in byldsje fan in kat of do.
Wynhoannen binne benammen te finen op protestânske tsjerken. Oer it generaal giet men derfan út dat de hoanne leauwigen de skiednis fan Petrus yn it sin bringe moat, dy ’t Jezus nei syn finzenname neffens de evangeeljes trije kear ferrette foar de hoanne kraaide. Jezus hie syn learling dat earder al oankundige en krekt doe ’t Petrus syn master foar de tredde kear ferleagene, kraaide der in hoanne. Dat de hoanne op tuorren te sjen is, is bêst bysûnder om ’t dit bist earst in heidensk ôfwarsymboal wie.
No wurdt der ek sein dat as der gjin hoanne op ‘e toer stiet der gjin hin yn tsjerke komt….mar as dat wier is?
As jo op de foto hjirûnder klikke dan krije jo in grutter eksemplaar op tablet of kompjûter en kinne jo de hoanne en it hintsje noch better sjen.