...altyd nijsgjirrich!

Doarpsfeest fan start!

It doarpsfeest fan Aldtsjerk is útein set mei it fersieren fan de tinte troch de skoallebern. Mar op tongersdeitejûn kaam de jongerein yn aksje mei in Lytse Rin en Stin Tocht.

Der dienen acht teams mei dy’t troch de lannen en fearten om Aldtsjerk hinne rûnen en swommen. De temperatuer wie wat oan de lege kant mar troch de aksje koe men de waarmte hâlde…. Wylst de teams troch ploeteren wienen 24 dielnimmers oan it klaverjassen om fleisprizen yn Café Moarkswâl. De kop is der ôf!

Moarnier de optocht!