...altyd nijsgjirrich!

Pjutte-opfang Trimwalda behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen

Pjutte-opfang (2-4 jier) Trimwalda hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ helle. Sy wurkje mei in taalbelied dêr’t it Nederlânsk en it Frysk bewust omtinken krije yn it deistige program. Dizze wurkwize stimulearret de twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern sa optimaal mooglik.

Pjutte-opfang Thrimwalda sit yn by OBS Thrimwalda yn Gytsjerk. De rike boarterslearomjouwing is boartlik – en taalútlokkend, stimulearret de brede ûntwikkeling en slút oan by de belibbingswrâld fan de bern. Boppedat wurdt mei help fan it programma in trochrinnende learline nei it basisûnderwiis realisearre. Pjutte-opfang Trimwalda biedt opfang fan moandei oant tongersdei fan 8.30-12.30.

Twatalich wurkjen
Pjutte-opfang Trimwalda wurket yn ferbân mei it oantal bern mei ien fêste pm’er dy’t it Frysk konsekwint oanbied. It Nederlânsk kriget neist it Frysk bewust en rom oandacht binnen it tematysk aktiviteiten oanbod. Wannear it oantal bern ta nimt krije se stipe fan in fêste ynfalkrêft. Mei har binne ek dúdlike taalôfspraken makke

Fisitaasjekommisje
Pjutte-opfang Trimwalda is foar it earst sertifisearre. Op 13 juny fan dit jier hat in fisitaasjekommisje west te sjen by pjutte-opfang Trimwalda. Der is sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkeling.

De kommisje skriuwt ûnder oaren yn har rapport pjutte-opfang Trimwalda:
‘Der hearsket in hiele fijne, rêstige, ûntspannen sfear. De bern binne hiel aktyf oan it boartsjen.
De liedsters gienen by de bern op’e grûn sitten en makken hiele petearen mei de bern.
Beide pm’ers binne goed sichtber en belutsen by wat der yn de groep bart. Miranda en Nynke hawwe beide in hiel positive hâlding. “Oh, wat bisto flink!”, “ik fyn it fantastysk, wat knap fan dy”, “sis do it mar, do witst dat sa goed”. It is gewoan tige noflik! Moai dat der sa goed gearwurke wurdt mei de skoalle. Op it mêd fan ynrjochting, VVE foar âlders, en tema’s bart der al it nedige en dat wurdt noch struktureler. Wy ha in moaie moarn hân op de pjutte-opfang. Trimwalda hat dizze moarn sjen litten dat se it sertifikaat fertsjinne hawwe, lokwinske. Neffens ús ha de bern hjir in gouden plakje!

Offisjele útrikking sertifikaat
Op tiisdei 11 july wie der in sertifisearingsfeestje. By dit feestje wie der ek omtinken foar de útrikking fan it sertifikaat. Riemkje Pitstra kaam mei har ‘ferteljas’ in foarstelling jaan. Se hat in ferhaaltsje foarlêzen oer Miranda en Nynke de pm’ers fan Trimwalda en fansels wie der ek wat lekkers foar de âlders en de bern.

By it sertifisearringstrajekt kriget pjutte-opfang Trimwalda begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 270 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Link naar SFBO 

0 van 0