10.00 oere Aldtsjerk

Fan de Jeu de Boules baan ôf oant de brêge ta. Foar guon betsjut dit dat sy it foar hûs ha kinne, mar der is ek romte genôch om in plakje lâns dy rûte te finen foar dyselden dy’t earne oars yn it doarp wenje. It makket it wat smûker as wannear’t it troch it hiele doarp is. Wy soenen it prachtich fine as der in soad minsken mei dogge en wy der mei inoar in sukses fan meitsje kinne.
Wa wit meitsje wy der dan in jierliks barren fan…

9 septimber om 10:00 oere

Jonkerspaad/van Sminiawei