Sneon wie it op de van Sminiawei yn Aldtsjerk drok! By in soad huzen stienen kreamkes mei brol.
De hannel wie foar de ien better as foar de oar, mar gewoan al mei elkoar noflik op strjitte mei moai waar besykje de spullen kwyt te reitsjen dy’t men oer hat, brocht al stemming.
Oan it ferskaat lei it net! Dat litte de foto’s wol sjen…..
(Klik op ûndersteande foto foar in fergrutting en it bepalen fan eigen snelheid op kompjûter of tablet)