De kransen leinen en de Berenburg stie klear foar de winnende partoeren fan dizze partij sneontemiddei....
It wie waarm op it sportfjild mar dat makke de spanning net minder. Der waard sporte om de prizen en dy waarden fansels útrikt by it Kafee.
Yn de A en B klasse waard der keatst. De earste priis yn de A-Klasse wie foar it partoer fan Jan Jelle Jongsma, Esther Turkstra en Hessel Miedema. Yn de B-Klasse wie it partoer fan Jaqueline Osinga, Durk Deinum en Sjoukje Kooistra de sterkste.
De foto’s sprekke foar himsels.
(Klik op ûndersteande foto foar in fergrutting en it bepalen fan eigen snelheid op kompjûter of tablet.)