De tiid fan it hekkeljen is no!
Op dit stuit is de Wynzer opfeart oan bar. De hekkelmasines wurde hieltiten breder. Mei in mes foar op de griper wurde de reiden ôfmeand wêrnei alles netsjes op ‘e wal dellein wurdt. Kilometers fearten en sleatten wurde sa foar de winter klear makke om it wetter op te fangen en ôf te fieren.