...altyd nijsgjirrich!

Hannekemaaiers werom?

Binne de hannekemaaiers werom yn Oentsjerk?

Dat like sneon wol sa! Mar dizze sân hannekemaaiers mei twa helpen, ien foar it loegjen en ien foar it harjen, wienen frijwilligers dy’t it gers fan de bijegreide oan de ein fan it jier mei de seine meanden. Sy praten gjin Dútsk mar Frysk! Earst efkes meielkoar op ‘e foto, dan kofje en dêrnei de learzens, klompen en hege skuon wer oan. Der wachte noch een perseel.