Woansdei koe der ek yn Heemstra State te Oentsjerk stimd wurde. Men stie der om healwei tsienen al foar yn de rige.
De stimhokjes wienen hieltiten beset en it ynfollen mei it reade potlead duorre ek lang fanwegen it grutte fel mei kandidaten, earst útvouwe en dan it fel papier wer yninoar teare…..dat it stimmen op himsels duorre ek langer.
No is de opkomst yn de Trynwâlden altiten wol heech mar it soe samar ris kinne dat dit mei dizze ferkiezing foar leden fan de twadde keamer ek barre sil. De kopgroep leit hiel ticht byinoar. Tongersdei witte wy mear.