...altyd nijsgjirrich!

In foto mei 120 jier bestjoersûnderfining

Op de jierlikse ledegearkomste fan iisklup Aldtsjerk op 23 novimber yn kafee Moarkswâl wie diskear de bestjoerswiksel it wichtichste agindapunt.

Hie de klup ferline jier al ôfskie nommen fan Arie van de Polder dy’t hast 30 jier de funksje fan ponghâlder op him nommen hie – dit jier hawwe nei in perioade fan 50 jier foarsitter Jan Oostenbrug en skriuwer Jan Klompmaker nei 40 jier jier harren funksje yn it bestjoer dellein.
Yn it bestjoer fan de iisklup, dy’t oprjochte is yn 1865, hat it oant no ta in tradysje west dat de minsken jierrenlang harren funksjes dêryn waarnommen ha. Yn it no alwer 158-jierrich bestean hat de klup bygelyks mar 7 foarsitters teld.
It nije bestjoer sil no foarme wurde troch Han Westerhof (foarsitter), Sytze Kaastra (skriuwer), Jacob de Vries (ponghâlder) Tjibbe Lei en Sander Bil.

Op de foto fan links nei rjochts Margriet en Jan Oostenbrug, Arie en Gryt van de Polder en Jan en Froukje Klompmaker.

0 van 0