Sneintemiddei 15 oktober, de tsjerke rint al aardich fol. De koarleden ha de stimbannen masseard en binne der klear foar. Sjongend opkomme en dan fernimme dat de tsjerke bomfol sit, dat docht goed!
It sjongen ûnder lieding fan de nije dirigint Hans Bergman waard ôfwiksele mei in pianosolo fan pianist Oeds Wijnsma en sang fan Anke de Vries (oarspronklik út Gytsjerk). In prachtige gearwurking! Sy ha fan de hearlike klanken yn harren eigen Paulustsjerke genoaten.
Bygeand in oantal foto’s fan dit konsert.