Freedtejûn wie der in rûntsje troch Mûnein ta eare fan it 75 jierrich bestean. Mear as hûndert minsken ha hjirre oan mei dien.
De tocht gie fansels by de buordsjes del. Der wiene allerhande fragen dy’t meastentiids mei de ynfo op de buordsjes ynfolle wurde koenen. It Erfguod Trynwâlden hie yn it doarpshûs in opstelling makke en der waard muzyk makke troch ynwenners út ‘e Mûnein en Readtsjerk.
Nei ôfrin gie it feest los mei Smûk!