...altyd nijsgjirrich!

Spultsjes en BINGO

Sneontemiddei foel it ta mei it waar en koene de plande aktiviteiten fan it doarpsfeest Mûnein/Readtsjerk trochgean.

Wylst de bern de kermis besochten waard der autopette mar ek mei aaien goaid. De ien kaam fierder as de oare… Tsjin trijen waard de tinte folle mei bingoërs. Mear as hûndert doarpelingen en gasten wienen der klear foar. Stuollen en tafels waarden noch oansleept. Dragqueen Curvalicius Diamond wie efkes letter mar sy brocht de sfear der goed yn! In noflike middei mei nei ôfrin fan de bingo it matinee. Snein sil der noch in tsjerketsjinst yn de tinte holden wurde en dan is ek dit doarpsfeest wer foarby.

Klik op ûndersteande foto foar in fergrutting en it bepalen fan eigen snelheid op tablet of kompjûter.