De kommende wike is it wer feest yn Aldtsjerk!
Woansdei begjint it al foar de bern mei it fersieren fan de feesttinte. Tongersdei RIN&KLAUTER, in sportyf feest. Start Kafee Moarkswâl 18.30 oere. Klaverjasse en in foarfeest yn Moarkswâl.
Freed 09.00 oere fertrek optocht Miedemawei. Aldtsjerk bakt en Klasina Seinstra oer de Alvestêdetocht fan 1997 mei feest nei m.m.f. de Rockaholics.
Sneon 10.00 oere follyballe en spultsjes. 12.00 oere ferklaaid matinee mei de Butterfly’s. Om 18.15 nochris de optocht wylst om 22.00 oere it einfeest mei de band Nocolour en DJ Wilfred.
Op freed en sneon Kermis op it skoallelân.