Mei hiel moai waar, leuke jonge minsken fan de AH út Damwâld wie it wer in prachtige jûn yn ús skitterjende bosken Turkije en Grikelân. It wie poer tsjuster, jo seagen hast neat en hja kamen op de geur fan Antsje harren BB ôf. Pyt van de Polder de âldste Outlaw en Romke van der Beek joegen de jonge spookjes wer efkes in update fan hoe 't jo de gasten mei in smoarch ûnderbroekje de jûn troch helpe.
Mei Pyt van de Polder, de âlde outlaw en Romke van der Beek de hederagoast mei allegearre oare jonge spûkjes út de Trynwâlden hat men wer een geweldige jûne/nacht belibbe yn dizze moaie omjouwing. Pyt is ek de betinker fan it ferhaal “It Gouden Hert” wat ferfilme is yn de bosken fan Aldtsjerk. De producers binne der finansjeel nea better fan wurden en dat sit hja noch steeds wol wat dwers. It is net oars en derom gean se foar de wille en der hoege jo gjin dollars foar yn de bûse.
It gouden hertfilm fine jo hjirre
De spûketochtfilm fine jo hjirre