
7 februari in Stania State en 8 maart in Hurdegaryp
JIERDEI op 7 febrewaris
It Mingd Koar Aldtsjerk hat in moaie jûn hân yn Staniastate op 7 febrewaris. De teatergroep ‘De Dames Slier’ hie it koar útnoege mei te dwaan oan harren muzykteaterstik JIERDEI!
It Koar hie de âldste bêrn fan Sinnehonk útnoege mei te dwaan. Rita hat mei de bêrn oefene op it ferske út de Disney-film Junglebook: ‘ Als je van beren leren kan’. Tidens de foarstelling mochten wy as flashmob meidwaan. De bêrn dienen dat mei in protte nocht. Doe de koarleden noch, dy’t nei de foarstelling in tal lieten hearren litten mochten. In prachtige muzikale jûn waard it!
Sjongkoaren op 8 maart
Fierder sil it koar optrede by de middei fan de Federaasje fan Sjongkoaren fan Tytsjerksteradiel. Alle oansluten koaren fulle in kertier. Al mei al in ôfwikseljend programma op 8 maart yn Hurdegaryp. Komt allen!
Befrijingsfeest op 5 maaie
Op 5 maaie is der moarns in grut befrijingsfeest rûnom Heemstrastate wêr it koar ek sjonge sil.
Mei sjonge?
Wa’t sin hat om him/har oan te slute by ús koar, sjoch op de side:
www.mingdkoaraldtsjerk.nl. Eltsenien is wolkom.
Út namme fan jim Mingd Koar Aldtsjerk,
Rita van der Meulen