Dizze kear in jazz-optreden, dat is nij, en dus in bytsje ûngewoan foar it publyk fan it Readtsjerkje.
Yn kombinaasje mei it moaie waar, hoefolle folk sil dit lûke?
Dat falt tige mei, 65 minsken komme der op ôf!
Renske komt fan Aldtsjerk, dat wie te merken, tal fan bekenden fan har binne der.
Renske is in echte “performer”, sa docht bliken.
Alde jazzsongs jout sy in eigen ynterpretaasje en der is in geweldige “chemie” mei bassist Bert van Erk en gitarist Winfred Buma. Se binne hielendal op elkoar ynspile, it generaasjeferskil (de mannen binne de 65 wol foarby) falt hielendal wei.
Derneist hat Renske noch les hân fan ien fan harren op it konservatoarium yn Grins, wêr as sy ôfstudearre is.
In nûmer as bygelyks “Willow tree” bringt sy mei in grutte yntinsiteit, mei hert en siel sa te sizzen.
De seal hâldt har azem yn..
Ek in popnûmer, as fan de Beach Boys bringt se my flair. Yn it ferline is se der wol ris op oansprutsen troch de saneamde “jazzplysje” dat pop-nûmers net passe by in jazz performer…
Dat makket foar it publyk neat út. En Renske fielt har frij.
Gjin “politieke correctheid” mar gewoan genietsje, dêr giet it om.
De mannen hawwe optreden mei de grutte jazzlegendes fan de wrâld.
Se binne fan grutte klasse, mar nergens pronkje se oerdreaun mei harren fearren, mar toane harren as beskieden begelieders fan in sjongeres as strieljend middelpunt.
It wie in moaie middei.
Der is in lyts filmke fan it optreden makke en dy kinne jo hjirre fine
Klik op ûndersteande foto foar in fergrutting en it bepalen fan eigen snelheid op tablet of kompjûter. Der binne steande foto’s by.