...altyd nijsgjirrich!

Optreden Camerata Dockum yn it Readtsjerkje op 13 april 2025

Camerata Dockum is in ynstrumintale muzykgroep ferbûn oan de muzykskoalle fan Dokkum. In amateurselskip yn de bêste betsjutting , nammentlik besteande út kleare leafhawwers fan muzyk.

Neist in tal dwêrsfluiten ek noch twa grutte, en sels in basfluit makke fan pvc- buizen. Hielendal ûntwurpen troch Jelle Hogerhuis, in tiid lyn ferstoarn en ek in bouwer fan oargels. Fierder trije fioelen, in cello, piano en akkordeon. De dirigint lit sjen dat muzyk alle soarten fan emoasje betsjutte kin. In tema as bygelyks oerlibje fertolkt troch in libbensliet fan Gerrit Breteler, “Leau ik yn’e leafde”. Mar ek in stik skreaun en eartiids útfierd yn in Jappenkamp; it tema fan de film nei it boek “Schindler’s List.
Fertriet klinkt troch yn in Japans liet oer in famke dy’t al fanôf harren njoggende jier fier fan hûs oan it werk moat. Ynspiraasje troch de natoer yn “Dance of the forest“.
En “In Remembrance“ oer it fertriet fan bern pesten te wurden, ek troch sosjale media. Gefoelens fan bliidskip, oproppen troch “We the spirits of the air“ fan Henry Purcell.
Muzyk as treast fan Bach en gean sa mar troch.
As ôfslúting fan it optreden wie der in “samenzang” fan it publyk, neamd “Sing a Song”, hielendal passend, mar ek in tsjinwicht tsjin dizze tiid fan ferdieldheid yn de wrâld; oer frede en de ferbining sykje.

Hjirûnder dizze link fine jo in werjefte fan it optreden mei it sjongen op Youtube.