Ut namme fan de Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden sil Jan van der Zwaag op trije ferskillende plakken in lêzing mei bylden hâlde oer de Twadde Wrâldoarloch yn de Trynwâlden.
Mei rom 80 foto’s sille in oantal feiten oer de besetting fan de Trynwâlden yn byld brocht wurde. Hooplik kin elts hjirtroch in byld krije oer wat der him yn dizze omkriten ôfspile hat. Wat dizze foto fan it eardere flaaksfabryk yn ‘e Mûnein hjir mei te krijen hat sil wol dúdlik wurde yn syn ferhaal.
De lêzingen sille hâlden wurde op:
Tongersdei 24 april om 19.30 oere yn ’e Mounestien te Mûnein.
Tongersdei 1 mei om 19.30 oere yn Oerein te Aldtsjerk.
Freed 2 maaie om 14.30 oere yn Heemstra State te Oentsjerk.