Freedtemoarn waard de optocht opsteld op de Miedemawei. It tema wie: tekenfilms en strips.
Mei njoggen weinen en mear as 11 fersierde fytsen en rinners waard it wer in lange stoet dy’t troch de Trynwâlden luts. Alles wie wer goed fersoarge en regele troch de feestkommisje. By Heemstrastate yn Oentsjerk waard kofje/limonade dronken mar op sommige weinen wie der ek wol wat oars te krijen….
Der binne fansels wer in soad foto’s sketten, earst van de opstelling en letter fan de optocht by de tsjerke del. Nei ôfrin fan de optocht bleau it noch lang drok op ‘e dyk mei minsken dy’t inoar troffen en efkes bypraten. En dat is de essinsje fan in doarpsfeest, de moeting!
NO MEI FOTOFILM FAN FREEDTEJÛN!! KLIK HJIRRE!!
Klik op ûndersteande foto foar in fergrutting en it bepalen van eigen snelheid op tablet of kompjûter.