Hingplak foar hynders….
Oan de Wearbuorren by Readtsjerk rint dit keppel hynders.
It liket oft se it leafst sa ticht mooglik byinoar bliuwe wolle. It docht dan ek wat tinken oan in hingplak, dêr’t dizze bisten de hiele dei mei elkoar kommunisearje troch mei de sturten hinne en wer te skodzjen.