De Paulustsjerke yn Aldtsjerk docht ek dit jier wer mei oan Tsjerkepaad. De doarren steane iepen fanôf 5 july oant en mei 13 septimber, alle sneonen fan 13.30 oant 17.00 oere.
Op’e nij mei in moaie eksposysje, dizze kear wer fan in eigen doarpsgenoat, Dhr. Lammert Agema. Hy neamt syn wurk Realistyske Keunst. Sekuer en mei detail tekent hy oer de natuer en it libben fan hjoed de dei. Agema is tekenaar mei as technyk: pentekening, potlead, kleurkryt, akwarel en ets.
Krekt sa as foarich jier, komme Elise Boltjes en Anneke de Reuver ek wer te spyljen op cello en oargel. En wol fjouwer sneonen: 12-7, 26-7, 9-8 en 30-8.
Al dit moais sa bijelkoar yn ús tsjerke, wol dochs net ien misse.
Fan herte wolkom!
(Klik op ûndersteande foto foar in fergrutting en it bepalen fan eigen snelheid op computer of tablet.)