...altyd nijsgjirrich!

Doarpsfeest Mûnein/Readtsjerk 25 jier lyn!

Ut de âlde doaze is wér in moaie film helle: It Doarpsfeest fan 2000!

Moarns de boatsjes nûmerje en dan it wetter yn mei in grut ramt. Wethâlder Nijboer tilt it ramt op en dêr farre de boatsjes nei in tichtset ta wêr’t Doede van der Meer se op folchoarder ynhellet. Letter wurde de prize útdield, hie Erik de Boer net de earste priis? Letter waarden yn in grut bassin de eigenmakke boaten test en beoardiele. It spikerbroek hingen wie der ek boppe…. Nei it pealfjochtsjen, dat der somtiden bot omwei gie, kamen de hynders mei harren menners én stekkers yn aksje by it ringstekken. Yn prachtige klean waard der om de haadpriis fochten. De hiele buert genoat. Op it jûnsfeest wienen de besikers ek alhiel ferklaaid as sigeuners. As alles útkaam is sa as Johanna, de wiersister it seach is net bekend… Mar it wie in prachtich feest!

De film is HJIRRE te finen.

0 van 0