
Sneontemiddei 20 septimber waard betocht dat it unike iishokje op 'e Aldtsjerstermar der 100 jier stiet.
Sa’n tritich persoanen/leden kamen nei de opstelde tinte. It waar wurke net mei mar Jan Oostenbrug koe moai ûnder it seil wat fertelle oer it hokje dêr’t de stichtingsdatum, 1925, op fermeld stiet. Sa as wér’t de punten op it dak foar tsjinje. Dat hâldt de ielguozzen tsjin sa dat dy net op it dak skite.
It iishokje is as in ferieningsgebou opset yn 1925 yn opdracht fan “De Vereniging de IJsclub Oudkerk”. Mei de útfiering wie H.H. van der Meulen út Aldtsjerk belêste. It geboutsje, dat moai delsetten is yn de Aldtsjerkstermar, wie allinnich mei de boat of op redens berikber. It ferieningsgebou stiet op 8 betonnen peallen yn it wetter. It is oplutsen yn readbrune bakstien ûnder in lessenersdak dutsen mei golfplaten. De topgevel is ôfknot, mei toppilasters mei dêrop in metalen bol op de hoeken; ek de oanset fan dit geveldiel wurdt aksintuearre troch twa mitsele pilasters. Boppe-yn binne fjouwer jiertalankers oanbrocht mei it jiertal “1925”; krekt wat leger twa gevelstiennen mei de tekst: “IJsclub Oudkerk”. De foargevel wurdt hast hielendal folle troch in houten, gearstald finster mei horizontale roedeferdieling, ûnder in lategy mei dêrboppe in rollaach. Yn de rjochter sydgevel sit in doar en in diels fernijd rút. De eftergevel hat twa finsters; doar en finsters steane ûnder rollaach. It ferieningsgebou foar de Isclub Oudkerk út 1925 is fan algemien kultuer- en arsjitektuerhistoarysk belang fanwegen de typologyske seldsumheid, fanwegen de fersoarge arsjitektoanyske foarmjouwing, fanwege de direkt funksjonele en romtlike relaasje mei it Aldtsjerkstermar. In pear jier lyn is it hokje restaurearre en bot opknapt.
En de iisklup bestiet ek al 160 jier. Reden genôch, sa tocht it bestjoer, om dêr mei de leden by stil te stean.
Op de lâniisbaan koe men boeregolf beoefenje, dat waard ek yn de stromende rein dien…. der stie in koek en sopy tinte en der wiene spultsjes foar jong en âld yn it hokje. It doel wie ek om twa elektryske sloepen farre te litte mar dat gie net troch fanwegen it waar. Mei de flagge op ‘e mûne waard it dochs noch in moaie middei.