...altyd nijsgjirrich!

Ofskied Annestien, fan en yn Oerein

Nei 7 jier nimme de ynwenners fan Aldtsjerk, mar ek wol fan de Trynwâlden, ôfskied fan Annestien Andela, behearder fan Doarpshûs Oerein en leart men de nije behearder, Harm van der Meulen kennen.

Jacob de Vries hie loovjende wurden foar Annestien. Der siet struktuer yn har wurk, har ja wie ja en har nee wie nee! Se koe mei de measten oerwei en kreëarre gesellichheid. De Koroanatiid en de enerzjykrisis brochten wol soargen mei mar ek dêr is men útkaam. Foaral de ynrin en kofjemoarnen wienen smûk.
Wat de bestjoersgearkomsten oangiet koe se wolris wat langtriedderich wêze en it noflike neipetear rûn somtiden wolris wat út…
Ut namme fan de ynwenners en de ferieningen waard se tige betanke en neffens Jacob hie se it doarp yn Oerein brocht. Net mei lege hannen giet sy fuort. Se krige in metalen plakette mei twa puzelstikjes en de tekst dat se it doarpshûs fan it doarp makke hat. Ek mei se mei har man in nacht earne dineare, sliepe en foar it moarnsbrochje wurdt ek soarge. En blommen fansels. Har opfolger, Harm van der Meulen, hie noch in ferrassing. Hy hie in prachtige bank makke fan in beam út Heemstra State. Neffens Annestien moat dy yn Oerein bliuwe! Hjirnei koe de barbekjû begjinne!