
Alle jûnen komme se, tuzenen protters. Se sweve troch de loft, in prachtich skouspul.
In kertier foardat de sinne ûnder giet binne se te sjen. Se dwarrelje as it wiere troch de loft en men sjocht nea dat se tsjin inoar botse of dat se yn de tiis reitsje. Dêrnei rêste en oernachtsje se yn de reiden. De ynstjoerster hat ek noch prachtige foto’s ynstjoerd fan de ûndergong fan de sinne oer de mar.
Fierder hat sy in filmke makke fan de protters. Tige tank foar dizze bydrage!
Klik op ûndersteande foto foar in fergrutting en/of it bepalen fan eigen snelheid op tablet of kompjûter.