
It bestjoer hat ek dit jier besocht in fariearre programma gear te stallen. De krite bestiet al mear as 80 jier en fersoarget noch altiten jierliks ± 6 kear in kulturele aktiviteit. Wurd ek lid fan dizze Krite! It lidmaatskip is mar €7,50 pp. yn it jier. Mear ynfo en opjaan by skriuwster Hedwig de Roos 06 - 5431 0915 of krite.trynwalden@gmail.com.
Programma 2025-2026
*Snein 12 oktober 2025 om 14.30 oere yn De Trochreed te Readtsjerk: de jiergearkomste, en as sprekker Jan van der Zwaag. Hy hat ús yn 2023 in hiel soad ferteld oer de nearingdwaanden yn ‘e Trynwâlden. Hjoed leit de klam op Oentsjerk.
*Snein 23 novimber 2025 om 10.30 oere yn De Trochreed te Readtsjerk: Willy van der Meer kenne wy noch fan de Skandinavyske middei (april 2024) oer de mearkes fan Hans Christiaan Andersen. Diskear is der alle romte foar har (en ek Andersen syn) ferteltalint.
*Snein 11 jannewaris 2026 om 10.30 oere yn de Trochreed te Readtsjerk: Noflik Nijjiersslokje. Wy kinne genietsje fan it duo Hansl: Roelof Veldhuizen
en Egbert Menger hawwe Dútske lieten, nij repertoir en mear Fryske oersettings.
*Snein 15 febrewaris 2026: om 10.30 oere yn de Trochreed te Readtsjerk: Ymkerjen troch Johanna de Boer. Sy hat stúdzje makke fan ymkerjen yn it ferline (it âlde Egypte) en oare kriten fan ‘e wrâld (û.o. Belarus, Estlân en Marokko).
*Snein 22 maart 2026: om 14.30 oere yn De Trochreed. Miranda Burgsma oer adopsjebern yn Fryslân. Hja hat 21 jier wurke by Jeugdbeskerming en is sûnt fjouwer jier dosint Pedagogyk oan NHL Stenden. Sy fertelt in koart ferhaal oer har eftergrûn as adoptearre bern út Súd-Korea yn Fryslân. Sy ferbynt dêrby har persoanlike ûnderfinings mei it gruttere byld fan adopsje út Korea.
*Snein 19 april 2026: om 14.30 oere yn De Trochreed. Wy slute it Kriteseizoen ôf mei Gurbe Douwstra en Jan de Vries. Nammen dy’t garant steane foar in prachtige, muzikale middei.
(Tink om de tiden, yn it winterskoft binne de aktiviteiten de moarns en kin men mei ljochten wer nei hûs.)
Wurd dus ek lid fan dizze Krite! Dan krije jo foar eltse aktiviteit in nûging. It lidmaatskip is mar €7,50 pp. yn it jier. Wol wurdt der in bydrage frege at men komt foar it optreden en foar in hapke en in snapke.
Mear ynfo en opjaan by skriuwster Hedwig de Roos, 06 – 5431 0915 of krite.trynwalden@gmail.com.