
Freedtemoarn joech de keunstner útlis oer har wurk.
De tafel wie moai beset troch ynteressearre besikers dy’t wolris witte woenen hoe as sa’n wolskilderij ta stân komt. Mei in prikker/nulle as kwast en wol as ferve, laach op laach, docht sy oeren en dagen oer in skilderij, it komt hiel krekt. De lêste tiid wurde de wurken wat strakker as foarhinne mar se binne meastentiids wol werom te bringen nei har berteplak Nes oan de kust en de Waadsee, sis mar it waadgebiet. Har earste eksposysje wie dan ek yn Moddergat. Dêr kaam de krante achter en skreau in posityf artikel oar har sa dat mear eksposysjes folgen. Der komt hieltiten mear belangstelling foar har wurk. Har workshops binne gau folboekt. As jo dy ek folgje wolle kinne jo jo opjaan fia info@teetundehollen.nl
Pytsje Cuperus wennet yn Ryptsjerk en eksposearret oant 1 desimber yn dBieb yn Gytsjerk.
(Klik op ûndersteande foto foar in fergrutting of it bepalen fan eigen snelheid.)