10.30 oere Mûnein/Readtsjerk

Graach nûget de Fryske Krite jimme út foar in tige nijsgjirrige gearkomst op
snein 23 novimber 2025
om 10.30 oere yn de Trochreed te Readtsjerk
mei in foardracht fan Willy van der Meer

Willy van der Meer kenne wy noch fan de Skandinavyske middei (april 2024) oer de mearkes fan Hans Christiaan Andersen. Hja wist ús op pakkende wize mei te nimmen yn de wrâld fan Hans Christiaan Andersen. De tiid wie doe fierstente koart, mar diskear is der alle romte foar har (en ek Andersen syn) ferteltalint.
Tagong: € 15,- p.p. ynkl. kofje/tee, wat lekkers en in hapke!
(Ek net-leden binne wolkom! Wol efkes opjaan.)
Opjaan kin o/m freed 21 novimber by:
Hedwig de Roos (06 543 109 15) of Jetske Anema (06 255 716 69)
In mail stjoere mei fansels ek: krite.trynwalden@gmail.com

Nûging