...altyd nijsgjirrich!

Karakteristykpriis útrikt

Yn de Pleats yn Burgum waard tongersdeitejûn de Karakteristyk priis 2025 útrikt.

Dizze twa-jierlikse priis gie meastentiids nei in prachtich opknapt gebou. Mar dit jier wie dat oars. Troch in saakkundige sjuery waard yn it kader fan de 80 jierrige befrijing dit jier de priis “in het teken van de Tweede Wereldoorlog” takend. Der binne seis gadingmakkers foar op it aljemint kaam wêrûnder de Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden. Sy ha allerhanne aktiviteiten yn it kader fan 80 jier befrijing fersoarge yn de Trynwâlden.
Alle seis moasten harren mei in pitch foarstelle. Dat die foar de Trynwâldster stichting foarsitter Sietske Boersma yn âlde klean mei de sage oer Tryntsje en har sân soannen. Spitigernôch ha sy de € 500.00 net wûn mar gie de priis nei Burgum. Dêr koe elts mei libje omdat sy ek in skitterend projekt draaid hawwe.

0 van 0