...altyd nijsgjirrich!

Carbid Club Mûnein

Fansels wie de Carbid Club Mûnein ek wer drok. Mei 24 bussen waarden hiel wat knallen produsearre mei in prachtige achtergrûn!!

Yn in tinte waard in drankje skonken en in hapke gie der ek wol yn. Bûten koe men de aktiviteiten goed folgje. It altiten goed regele en opsette barren is in goeie tradysje yn Mûnein. Underweis kaam de fotograaf ek noch in mobyl karbidkanon tsjin. Dy soe nei de Mûnein. Of dat noch argewaasje jûn hat is de redaksje net bekend…..