...altyd nijsgjirrich!

Tryn’s (KIKA) Kryst Kuier

Al hast tradisjoneel sette dizze Tryns Kuier op twadde krystdei útein by Heemstra State.

Dit jier ûnder prachtige kondysjes. De sinne skynde, it paad wie hurd en net sompich of modderich sa as faak yn de eardere edysjes.
Der kamen sa’n 380 dielnimmers op ôf wêrfan 286 folwoeksenen. Foar KIKA waard, ynkl. jeften, om-ende-by €300,- ophelle. In hiel moai resultaat!
De oplossing fan de puzel wie: Tytsjerksteradiel. Om de priis sil moarn lotte wurde.
De measte minsken wiene hiel entûsjast en de organisaasje wie wer tige by tige wêrtroch it in hiele moaie tocht wurden is.