...altyd nijsgjirrich!

“Zij hadden de schaapjes geveld”

Yn it krystliet hiene de herdertjes de ‘schaapjes geteld’, mar yn dit gefal is der sprake fan ‘geveld’. Net allinnich de herdertjes stutsen harren siel en salichheid yn har taak. Jan Klompmaker en Marten Pietersma hawwe flink wat energy en tiid stutsen yn it meitsjen fan de moaie kryststâl, mei dêryn Jozef en Maria en twa skiepkes fan keramyk dy’t it tafereel kompleet meitsje.

Spitich genôch binne de poatsjes fan it iene skiep fernield. Der hat grif ien of oar dronken dropke west dy’t tocht dat er even op dat skiep sitte koe. Mar mei de krystgedachte yn gedachten hat de dieder him in echte keardel toand en him melden mei de tasizzing de skea te fergoedzjen. Dan sjogge je mar wer dat de jeugd noch in goeie opfieding kriget…
Ho even! Want sa is it dus net gien. Ynpleats fan in echte keardel te wêzen hat de dieder him net bekend makke…
“Vrede op aarde.”
Jan de Boer, Aldtsjerk

0 van 0