
Moandei 29 en tiisdei 30 desimber koenen de leden fan biljertklup Trynwâlden wér dielnimme oan it âldjierstoernoai. 26 leden hienen harren opjûn foar de striid.
Moandeis waarden de earste twa ronden spile yn sawol de winnaars as de ferliezersronde. Tiisdei de middeis waard de striid om prizen fuortsetten en krekt foar seizen wienen de priiswinnaars bekend, nei in oantal tige spannende partijen.
Winnaarsronde:
1e priis Jan Aantjes
2e priis Johan van der Veen
3e priis Klaas Zijlstra
By de ferliezersronde wienen dit:
1e priis Jan G. de Vries
2e priis Albert van Riesen
3e priis Tjalling van der Helm