
Yn Readtsjerk hienen de mannen fan de fûgelwacht, A en P, yn de tún in stikelbaarch fûn dy't wekker wurden wie. Sy hienen it bist yn in doaze mei papiersnipels set.
De frou hie sjoen dat de stikelbaarch wat yn de papiersnipels begong te wrotten dat sy sette rimpen in bakje mei krekt 26, wat weake, kattebrokjes der by. De brokjes binne teld sadat men sjen kin dat de stikelbaarch der by sitten hat. De mannen, al drok dwaande mei de 100ste útjefte fan harren blêd De Fjildrop, sille de stikelbaarch nei de opfang bringe omdat der noch wat kâlde dagen oankomme. Sa binne dizze minsken altiten dwaande mei de natuer, as it no om fûgels of stikelbargen giet.