
Ek yn de Trynwâlden binne de stimburo's ynrjochte.
In rûntsje troch de doarpen Oentsjerk, Mûnein, Gytsjerk en Aldtsjerk joech it ferskaat yn de plakken wer. De iene yn Heemstra State, de oare yn doarpshuzen de Mounestien of Oerein, wylst men yn Gytsjerk yn de sporthal siet. Koart sein, romme plakken om de ried fan Tytsjerksteradiel te kiezen.
De opkomst wie noch wat sunichjes mar it wie ek noch betiid. Men hat oant njoggen oere jûn de tiid. It is een demokratysk rjocht wêr’t men yn bgls yn Afrika oeren foar yn de rige stiet…. De oprop is dan ek om der gebrûk fan te meitsjen.