14.30 oere Mûnein/Readtsjerk

Graach nûget de Fryske Krite jimme út foar in tige nijsgjirrige gearkomste op snein 22 maart 2026 om 14.30 oere yn de Trochreed te Readtsjerk mei in foardracht fan Miranda Burgsma oer adopsjebern.

Miranda Burgsma komt út Ljouwert. Hja hat 21 jier wurke by de jeugd-beskerming en is no sûnt fjouwer jier dosint by de oplieding Pedagogyk oan NHL Stenden. Miranda fertelt ús yn it koart oer har eftergrûn as adoptearre bern út Súd-Korea. Dêrby ferbynt hja har persoanlike ûnderfiningen mei it gruttere byld fan adopsje út Korea. Ek sil hja sjen litte hoe’t der út in pedagogysk perspektyf nei de opfieding fan adoptearre bern sjoen wurdt.

Snein 22 maart
om 14.30 oere
De Trochreed Readtsjerk

Tagong: € 15,- p.p. ynkl. kofje/tee, wat lekkers en in hapke!
(Ek net-leden binne wolkom! Wol efkes opjaan.)

Opjaan o/m freed 22 maart by:
Hedwig de Roos (06 543 109 15) of Jetske Anema (06 255 716 69)
In mail stjoere mei fansels ek: krite.trynwalden@gmail.com

Nûging