14.00 oere Mûnein/Readtsjerk

Graach nûget de Fryske Krite Trynwâlden jimme út foar in prachtich muzikaal optreden op snein 19 april 2026 om 14.00 oere yn de Trochreed te Readtsjerk mei Gurbe Douwstra en Jan de Vries.
Gurbe Douwstra hat eins gjin yntroduksje nedich, hy is de bekende singer-songwriter. Yn syn muzikale karriêre hat er al hiel wat lietsjes op syn namme stean.
Gurbe Douwstra en Jan de Vries komme mei har nije programma Ald en (heal)wiis.
In programma mei nije lietsjes, ferhalen, sjeuïge anekdoates, mar ek mei bekend repertoire.
Tagong: € 20,- p.p. ynkl. kofje/tee, wat lekkers en in hapke! (Ek net-leden binne wolkom! Wol efkes opjaan.)
In grutte opkomst wurdt ferwachte, dêrom: op ‘e tiid opjaan, fol is fol!
Dat kin o/m tongersdei 16 april by:
Hedwig de Roos (06 543 109 15) of Jetske Anema (06 255 716 69)
In mail stjoere mei fansels ek: krite.trynwalden@gmail.com

Nûging