...altyd nijsgjirrich!

Ofslutend foarjierstoernoai biljertklup Trynwâlden

Woansdei 22 en tongersdei 23 april koenen de leden fan biljertklup Trynwâlden de middeis dielnimme oan it foarjierstoernoai, dit as ôfslúting fan it kompetysjejier. 32 leden hienen harren opjûn foar de striid. Der waard op in sportive wize en mei in protte ynset striden om de prizen.

Woansdei waarden de earste twa ronden spile yn sawol yn de winners- as de ferliezersronde. Fansels derby in waarm miel en dêr oan foarôfgeand in borrel. Tongersdeitemiddei wienen der spannende partijen, hienen sommige dielnimmers muoite mei dizze spanning en it tafersjoch en soms it kommentaar fan de leden dy’t al út de striid wienen.

Winnersronde:
1e priis Gerrit Admiraal
2e priis Marten Hellinga
3e priis Jan Aantjes
4e priis Johannes Mosselaar

By de ferliezersronde wienen dit:
1e priis Wopke Bosch
2e priis Bindert Oegema
3e priis Gerrie Soldaat
4e priis Doeke v/d Brink

0 van 0