
Yn de fiver fan Heemstra State sit in wetterpykje op aaien.
Yn de midden fan de fiver, dêr’t foarhinne de fontein spuite, sit se op in moai nêst te brieden. Se sit der al efkes dat de aaien binne oan it útkommen ta. Wat is de natuer op dit stuit prachtich. Op it donkere wetter sjocht men har hast net sitten en rinne de kuierders der samar oan foarby….