
De rinners fan de Alvestêdetocht kamen sneontemoarn wer troch de Trynwâlden. It past moai yn it tema fan it doarpsfeest fan Oentsjerk: Sport!
Fansels stutsen sommige rinners oan by It Wapen fan Fryslân, somtiden foar in besite oan de WC, mar ek wol om efkes mei de supporters te praten, kofje te drinken en wat lekkers te smikkeljen….
Fansels dienen der ek wer ferskate Trynwâldsters mei. It is altiten wer in hiele prestaasje om de tocht te rinnen yn fiif dagen.