...altyd nijsgjirrich!

Pinkstermoandei…..

Op Pinkstermoandei wienen de fytsers moarns al troch Wyns kaam. De middeis kamen de motors troch de doarpen.

En dat koenen de ynwenners hearre! Tûzenen prachtich poetste motors rieden foarby de minsken oan de kant yn tunen en op terrassen. It waar wie fansels skitterend dat dêrfoar is der gjinien thúsbleaun.
Mar ek op it plak by moaie peal, dêr’t de dielnimmers inoar krústen, kamen toerfytsers del. Troch de Moark farde in boatsje rêstich op nei Aldtsjerk. Yn it swimbad wie it botte drok, der koe hast gjin fyts fan de besikers mear by!
In echte moaie pinksterdei….