
Yn Mûnein kamen de besikers ôf op it aaigoaien fansels.
Dat gie meastentiids wol goed mar der sneuvelen dochs ek wol aardich wat aaien. En dan hat men, at men gelok hat, allinne smoarge hannen. De klean kinne ek ûnder it stro (struif) komme.
Fierder stienen de kermisattributen yn de belangstelling fan jong en âld. Gewoan efkes noflik by inoar wêze mei muzyk fan Sipke de Boer en in drankje skonken troch de ploeg foar de sneon. Dat is wêr’t in doarpsfeest foar bedoeld is.