
Hast altyd al ris op it poadium stean wollen, as liket it dy gewoan leuk om mei oaren in foarstelling del te setten? Dan is dit dyn kâns!
Underfining is net nedich – entûsjasme en wille steane foarop!
Wat kinst ferwachtsje?
• Gesellige repetysjejûnen yn in moai team
• Tegearre wurkje oan in prachtige foarstelling
• In bysûndere en ûnferjitlike ûnderfining
Ast jong of âld bist, graach in grutte rol spilest, as leaver lyts begjinst, elkenien is wolkom!
Bliuwst leaver earst wat mear op ’e eftergrûn? Dan is in funksje by it organisearjen fan alles wat by in toanielstik komt te sjen miskien krekt wat foar dy!
🤝 Dochst mei?
Wolst dy fuortendaliks oanmelde as earst mear ynformaasje?
Dat kin fia: Siepie Tomey 06-22082640 as fia de mail: toneelsabeare@outlook.com